Gouden Lepelaar foar Ferwerda

Leppelbekken yn it Waadgebiet
Albert Ferwerda fan Gytsjerk krige freed de 'Gouden Lepelaar' opspjelde. Dizze priis wurdt jierliks útrikt troch Vogelbescherming Nederland oan immen dy't him op útsûnderlike wize ynset foar it beskermjen fan fûgels.
Ferwerda set him al mear as 50 jier yn foar fûgels. Hy docht dat as frijwilliger en yn syn wurk as opsichter by it Fryske Gea. Hy hat him benammen bot ynset foar de fûgels yn it Waadgebiet en foar ferskate fûgelwachten.