Man oerfallen op 'e Gordyk

It plak fan 'e oerfal op 'e Gordyk
De plysje siket tsjûgen fan in oerfal fan freedtemoarn op 'e Gordyk. In man (48) út Nij Beets is om 07.30 oere troch trije manlju mei in mes oerfallen. De man stie yn syn auto foar de doar fan in bedriuw oan de Leitswei doe't ynienen de doar iepenlutsen waard en in man 'geld, geld, geld' rôp. De Nijbeetster tocht dat it om in grap gie en stapte út.
Doe waard hy mei in mes bedrige troch trije maskere manlju yn swarte klean. Sy woene jild fan him hawwe.