Opname 'lip-dub' yn hal NHL

29 okt 2010 - 15:28

De hal fan Ljouwerter hegeskoalle NHL wie freed it dekôr foar de opname fan in saneamde lip-dub. By in lip-dub wurdt in muzykklip yn ien kear opnaam. Sa'n 80 studinten en dosinten wurken mei oan de playback-act. Der waard freed earst noch flink repeteard om alles der yn ien take op te krijen, want dat is best lestich.

'Lip-dub' is op it stuit ien fan de grutste hypes op ynternet. Oer de hiele wrâld wurde sokke muzykklips opnaam en op ynternet setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)