CDA jout 30 jongeren lintsje

29 okt 2010 - 14:10

Tritich jongeren út Súdwest-Fryslân krije dit wykein in bysûndere ûnderskieding fan it CDA. Se krije in jongereinlintsje omdat se har de ôfrûne jierren belangeleas ynset ha foar in oar. It CDA jout sa it startsein foar de ferkiezingskampanje yn Súdwest-Fryslân.

De partij wol yn de nije gemeente foaral ynsette op de jeugd. It CDA hopet dat de nije gemeente de jongereinlintsjes oppakke sil. De partij sil dêr in foarstel foar dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)