Hitfabryk:Brûzjend bloed klear

29 okt 2010 - 12:45

De produksje 'Brûzjend bloed' fan it hitfabryk fan de Fryske Muzykwike is klear. It nûmer is tongersdei yn de radiostudio fan Omrop Fryslân opnommen troch de gelegenheidsformaasje Jûkelburd en de harkersband.

It liet is freed al draaid troch Omrop Fryslân en RTV Drenthe en wurdt ek oan oare radiostjoerders oanbean. Der wurdt freed noch hurd wurke oan de klip fan it nûmer. It nûmer is yn ien wike tiid makke mei in soad help fan harkers fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)