Cambuur en Spinder yn petear

29 okt 2010 - 12:06

In delegaasje fan SC Cambuur hat freed op in geheime lokaasje in petear mei Harkemase Boys-foarsitter Pieter Spinder. Wim Sleijfer, de foarsitter fan de RvC fan Cambuur, hat oantrune op in persoanlike moeting.

Ynset fan it petear is dat Cambuur de trainer fan Harkemase Boys, Henk de Jong, sa gau as mooglik nei Ljouwert helje wol. Neffens Spinder is dat 'ûnbesprekber'. Mar sa seit Spinder: "Alles yn dizze wrâld draait om sinten, we sille sjen."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)