Addy Stoker nei Feriene Lofts

29 okt 2010 - 12:02

De Progressief Christelijke Partij (PCP) fan âld-ChristenUnie riedslid Addy Stoker fan Ljouwert slút him oan by Feriene Lofts. De Progressief Christelijke Partij hie meidwaan wollen oan de Steateferkiezings fan takommend jier.

Mar omdat de partij krekt nij is, fynt Stoker it ferstanniger om de gearwurking te sykjen. De PCP kin him fine yn de doelstellings fan Feriene Lofts, sûnder dat it eigen stribjen geweld oandien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)