Undersyk nei ambulânses

29 okt 2010 - 11:55

In bedriuw út Nij Seelân sil de kommende tiid útsykje oft de ambulânses fan Noardeast-Fryslân op it goeie plak steane. It bedriuw Optima Corporation sil de sifers fan alle ritten fan 'e ambulânses fan de ôfrûne seis jier besjen. Dat binne tûzenen ritten. Ut de sifers moat bliken dwaan wêr't de ambulânses it measte nedich binne en it bêste stean kinne.

Letter moat itselde foar hiel Fryslân útsocht wurde. It bedriuw hat mear fan sokke ûndersiken dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)