Grinzer oppakt om mishanneling

De plysje hat tongersdeimiddei op de Hunze yn de Drachtster wyk De Drait in man út Grins oanhâlden fanwege mishanneling. De man hie earder op de middei in man út Nij Beets bedrige en mishannele, yn in bedriuwspân yn dat doarp. Hy wie dêrnei fuortgien mei in tal doazen.
De fertochte koe yn Drachten oppakt wurde. Hy hie ek noch earne tankt sûnder te beteljen. De Grinzer is fêstset op it plysjeburo.