Fjoerwurk yn beslach op Skylge

Op Skylge is tongersdei de earste partij fjoerwurk fan dit jier yn beslach naam. De plysje op it eilân hie in tip krigen dat in auto fol fjoerwurk ûnderweis wie. Der is doe poste by de ferboatterminal en sa koe in 37-jierrige man fan Skylge oanhâlden wurde.
Hy hie alve doazen mei mei-inoar 190 kilo fjoerwurk yn de auto. It fjoerwurk is yn beslachnaam. De fertochte is meinaam nei it buro.