Warten noch net ûnderdak

28 okt 2010 - 22:07

It petear tusken boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel en doarpsbelang Warten oer de kommende opsplitsing fan Boarnsterhim hat neat opsmiten. Polderman woe útlizze werom't Warten en de Alde Feanen by Tytsjerksteradiel hearre.

Yn it weryndielingsplan stiet dat se oergean nei Ljouwert. Mar Tytsjerksteradiel wol graach syn part fan it natoergebied hâlde. Ynkoarten nimt de ried fan Boarnsterhim in beslút oer de weryndieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)