Dirk Fabriek wol yn WK searje

Dirk Fabriek (argyffoto)
Gersbaanracer Dirk Fabriek hat fan de ynternasjonale motorsportfederaasje (FIM) in wildcard krigen foar it WK 2011. Fabriek waard dit jier teloarstellend 15e yn de searje wedstriden om it wrâldkampioenskip en pleatste him sadwaande net foar 2011. Yn 2009 waard er noch tredde en dat joech de trochslach foar de wildcard.
Theo Pijper is de twadde Fries yn it WK. Troch syn moaie twadde plak dit jier is hy automatysk pleatst.