Poerbêste opbringst sûkerbiten

28 okt 2010 - 21:58

De rispinge fan sûkerbiten is dit jier poerbêst, sa meldt boere-organisaasje LTO. It giet sels om in top trije opbringst. Foar in goede priis telt lykwols net allinnich it oantal kilo's biten dat fan it lân komt. It sûkergehalte is like wichtich en dat is dit jier hiel heech.

Ien en oar betsjut net dat in hiel soad bouboeren aanst oerskeakelje op sûkerbiten, want de bitebou is ek oan kwota bûn. En kwotum derby keapje is djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)