Houten brêge Snits hast klear

28 okt 2010 - 21:35

De twadde houten brêge oer de rûnwei fan Snits wurdt yn de nacht fan 20 op 21 novimber pleatst. Dat dogge se nachts om it fekear sa min mooglik te hinderjen. De brêge is in fraksje lytser as de earste brêge.

Dy brêge krige rom omtinken út binnen- en bûtenlân. De twadde brêge moat it oant no ta stelle sûnder al dy oandacht, mar dochs ferwachtet de projektlieding by de pleatsing sels wol wer in soad drokte. De twadde brêge komt te lizzen by de wyk Tinga.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)