LED-lampke kado foar lampion

De bern út Ljouwert kinne mei Sint Marten mei duorsume lampkes yn de lampion by de doarren del. De gemeente Ljouwert stelt oan de bern fan de groepen 1 oant en mei 4 in gratis LED-lampke oan in stokje beskikber.
Sneontemiddei lizze by de stand op de Waag 3300 fan dy lampkes klear. De gemeente docht dit, omdat 11 novimber net allinnich de dei fan Sint Marten is, mar ek de lanlike dei fan de duorsumens.