Blombollefeest foar Sleat

28 okt 2010 - 20:15

De bolwurken fan Sleat sille der takom maitiid fleurich bylizze. Nije wike geane nammentlik 15 tûzen blombollen de grûn yn. It giet om titelroazen en blauwe drúfkes. Dy blombollen binne in kado fan de Keninklike Feriening foar Blombollekultuer oan de gemeente Gaasterlân-Sleat, omdat dy mei in orizjineel beplantingsplan kommen wie.

Se hiene betocht om de bollen te plantsjen yn de foarm fan de festingmuorre en de stedskaai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)