Katolike tsjerken slute

28 okt 2010 - 17:23
  • In tsjerketsjinst

It bisdom Grins-Ljouwert sil de kommende jierren tsjerken yn it noarden slute. De earste tsjerke dy't ferdwynt is de parochy fan Veenhuzen. De tsjerke bestiet al 180 jier, mar hat neffens it bisdom gjin takomst mear.

Hokker tsjerken der noch mear ticht moatte en oft dêr ek Fryske tsjerken by binne is noch net dúdlik. Ein novimber presintearret it bisdom de ûndersyksresultaten fan de Noardlike Katolike tsjerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)