Top-ynkommen Veenstra yn 2009

28 okt 2010 - 16:26

Direkteur Robert Veenstra fan SC Hearrenfean stiet op it fiifde plak fan de list fan bestjoerders dy't it measte fertsjinje yn it ûnderwiis. Yn it krisisjier 2009 wie Veenstra bestjoersfoarsitter fan Stenden en ien fan de 60 bestjoerders dy't mear fertsjinnen as de Balkenende-noarm. Veenstra stie op it 5e plak mei in lean fan goed 280.000 euro.

De nûmer 1 fan de list fertsjinne mear as 350.000 euro. De list is makke troch it algemien ûnderwiisbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)