Doeksen pakt katering oan

Rederij Doeksen wol de katering oan board en oan de wâl ferbetterje. De hoareka wurdt dêrom opnij ynrjochte. Dat betsjut net allinnich dat bygelyks de buffetten en bars der oars út komme te sjen, mar ek dat de hiele organisaasje oars wurdt.
De meiwurkers moatte minsken aktiver benaderje en mear it fakânsjegefoel jaan. Neffens Doeksen hoege der troch de reorganisaasje gjin minsken út. De totale reorganisaasje duorret sa'n trije jier.