Weiland kandidaat keatsbûn

Adrie Weiland
De 49-jierrige Adrie Weiland út Minnertsgea is de nije kandidaat foar it haadbestjoer fan de KNKB, it lânlike keatsbûn. Weiland siet acht jier yn it bestjoer fan de keatsferiening fan Minnertsgea. Seis jier dêrfan wie se foarsitter.
Dêrneist sit se op dit stuit yn it bestjoer fan Pleatslik Belang Minnertsgea. Op 25 novimber wurdt yn de algemiene ledefergadering fan de KNKB in beslút naam.