Gjin útwreiding Feanstadion

28 okt 2010 - 09:57
  • Foarearst gjin útwreiding fan it Abe Lenstrastadion

Der komme foarearst gjin ekstra sitplakken yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Der wiene plannen foar in ferbouwing fan de westtribune fan it fuotbalstadion fan Sportklup Hearrenfean, mar de klup sjocht dêr no dochs fan ôf.

It finansjele risiko is te grut. It bestjoer wol de klup earst wer finansjeel sûn meitsje. It ôfrûne seizoen boekte Sportklup Hearrenfean in ferlies fan rom 14 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)