CDA en VVD wolle dúdlikens

27 okt 2010 - 19:05

De fraksjes fan it CDA en de VVD fan de gemeente Ljouwert meitsje har soargen oer in mooglike gedoochôfspraak tusken de gemeente en strjitracers. De racers binne gauris aktyf op de Junokade yn de stêd.

Neffens berjochten soe der in ôfspraak wêze dat de strjitracers tastimming hawwe fan de gemeente om op de Junokade te racen. It CDA en de VVD wolle dêr no dúdlikens oer hawwe fan boargemaster Crone.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)