Snackbar Aldskoat wol kamera's

27 okt 2010 - 18:26

De snackbar dy't fan 'e wike oerfallen waard oan de Archimedeswei yn Aldskoat is wer iepen, mar de meiwurkers en de eigner binne noch flink oanslein. Se prate in soad oer de trije manlju yn swarte klean dy't tiisdeitejûn binnenkamen en de meiwurkers mei in mes bedrigen. Se namen jild en sigaretten mei.

De eigner wol mei faasje kamera's yn de snackbar hingje. Hy wie dat eins al earder fan doel. Hy hopet yn alle gefallen dat de dieders gau pakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)