Hûs foar deminten iepene

27 okt 2010 - 17:25

De Herbergier fan Fryslân is woansdei iepene yn Bartlehiem. It giet om in húslike wenfoarm foar âldere pasjinten mei Alzheimer. Se wenje ûnder ien dak mei soarchferlieners. Soks bestie noch net yn Fryslân.

Ald-alvestedewinner Jeen van den Berg die de iepening. De famylje Visser beheart de Herbergier. It sit yn it âld suvelfebryk. It giet om in partikulier inisjatyf. Heal novimber komme de earste bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)