SP tsjin proefbuorkerij Goutum

De SP en de Partij foar de Dieren yn de Twadde Keamer keare har tsjin de plannen foar in grutte proefbuorkerij by Goutum. Se binne benaud dat it projekt Dairy Valley in earste oanset is foar de bou fan in megastâl.
Neffens de partijen binne de diken by de proefbuorkerij dêr net op klear. Boppedat soe de subsydzje foar Dairy Valley jild opslûpe foar biologyske lânbou. Dêr soe neffens de SP en de Partij foar de Dieren net op koarte wurde meie.