Rintje en Anni by NOS oan wurk

Rintje Ritsma (foto: Martin de Jong)
Ald-reedrider Rintje Ritsma wurdt kommentator by de NOS. Neist de Lemster sille ek Anni Friesinger en Erben Wennemars by it reedriden kommentaar jaan dit seizoen.
De trije âld-wrâldkampioenen skowe ôfwikseljend oan by de fêste presintatoaren Mart Smeets en Dione de Graaff. It earste optreden fan Anni Friesinger en Rintje Ritsma stiet pland by it EK-Allround yn jannewaris.