De Jong begrypt de Boys

Henk de Jong
Fuotbaltrainer Henk de Jong soe graach sa gau as mooglik by Cambuur oan 'e slach gean. Yn elts gefal op 1 jannewaris takom jier. De Jong hat ek alle begryp foar topklasser Harkemase Boys dêr't er no trainer is. Dy klup wol him it seizoen ôfmeitsje litte. In kombinaasje fan beide klups sjocht De Jong net sitten.
De Drachtster fuotbaltrainer komt by Cambuur yn de technyske stêf, no't trainer Stanley Menzo hjoed syn kontrakt ûntbine litten hat.