VVD: ynsette op leefklimaat

27 okt 2010 - 13:49

De provinsje moat snije yn it tal taken. Soarch en wolwêzen krije folle minder of gjin jild mear fan de provinsje. Sa moat struktureel in lytse 40 miljoen euro besunige wurde.

Dat stiet yn it ferkiezingsprogramma fan de VVD. It program 'Romte foar minsken' set yn op in goed leefklimaat yn Fryslân. Minsken moatte de frijheid krije om te wenjen sa't se wolle. De VVD wol gjin nije wynmûnen, mar wol ynsette op sinne-enerzjy en stroom út biomassa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)