Stroomsteuring NE-Fryslân

27 okt 2010 - 12:42

Mear as 4000 húshâldings en bedriuwen yn Noardeast-Fryslân ha woansdei in skoft sûnder stroom sitten. It gie ûnder oare om de doarpen Droegeham, Koatstertille, Kollumersweach, De Harkema en Twizel. De steuring hat gjin grutte gefolgen hân.

Neffens netwurkbehearder Liander gie it om in middenspanningstoaring. De oarsaak fan de steuring is net bekend. De steuring wie binnen twa oeren oplost, dat eventuele skea kin net ferhelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)