Menzo op eigen fersyk fuort

27 okt 2010 - 12:35

It kontrakt fan Stanley Menzo by Cambuur is op syn eigen fersyk ûntbûn. Direkteur Alex Pama sei dat Menzo in nije klup fûn hat, hy wol de namme net jaan. Pama seit dat it mei pine yn it hert is en fynt it spitich dat er ophâldt.

De twadde meidieling is dat Cambuur in oerienkomst sletten hat mei Henk de Jong. Cambuur wol de trainer fan Harkemase Boys sa gau mooglik, mar yn elts gefal mei yngong fan jannewaris takom jier, nei Ljouwert helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)