Parsekonferinsje oer Menzo

Cambuur hâldt woansdei om 12.30 oere in parsekonferinsje oer de posysje fan trainer Stanley Menzo. Omrop Fryslân radio en tv binne der by. De ynhâld fan de parsekonferinsje is noch net bekend makke. Stanley Menzo hat koartlyn syn kontrakt foar it rinnende seizoen noch tekene.
By de parsekonferinsje binne ûnder oare direkteur Alex Pama en de foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen Wim Sleijfer. Menzo begûn yn septimber 2008 by Cambuur.