Tips frege oer oerfal snackbar

It ûndersyk nei in oerfal op in snackbar yn Aldskoat hat noch gjin dieders opsmiten. Tiisdeiterjûn foelen trije donkerklaaide manlju de snackbar binnen en easken ûnder bedriging fan in mes it jild. Neidat de meiwurksters dat jûn hiene, woene de manlju noch sigaretten. Ek dy waarden jûn. Dêrnei naaiden de trije út.
It giet om manlju mei in ûnbekend bûtenlânsk aksint. De plysje hopet no troch tips fierder te kommen yn it ûndersyk.