Kampanje foar nije gemeente

27 okt 2010 - 07:50

Yn de nij te foarmjen gemeente Súdwest-Fryslân wurde sa'n 100 gemeenteweinen ynset om ynwenners te ynformearjen oer de nije fúzjegemeente. It giet om auto's, buskes en frachtweinen mei dêrop de tekst 'Onderweg voor de gemeente Súdwest Fryslân' en de oprop: 'Kom stemmen op 24 november'.

Yn 2011 feroarje der in soad saken yn de nije grutte gemeente. Sa komt der in nije webside, in nij tillefoannûmmer en komme der trije gemeenteloketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)