Drompels en smellere diken
Achtkarspelen wol mei maatregels it te hurd riden op 30 kilometer diken oanpakke. Geregeld soargje automobilisten foar gefaarlike situaasjes. Dêrom wurdt in tal diken yn de gemeente smeller makke en komme der drompels.
De gemeente wol earst yn oerlis mei ferienings fan doarpsbelangen en skoallen om te praten oer gefaarlike ferkearssituaasjes.