Ljouwert moat Vitens behâlde

26 okt 2010 - 16:29

It CDA yn Ljouwert wol dat de gemeente him ynset foar it behâld fan Vitens yn de Fryske haadstêd. Der geane lûden dat it wetterbedriuw syn aktiviteiten yn fêstigings yn Ljouwert ferhúzje wol yn 2014. It CDA soe dat tige spittich fine. Ljouwert ynvestearre in soad jild yn de wettertechnology-sektor.

Sa sil op it eardere terrein fan Atoglas yn de takomst in wettercampus boud wurde. De CDA-riedsfraksje wol fan it kolleezje witte wat it dwaan sil om Vitens yn Ljouwert te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)