Amelanner strân wurdt opspuite

26 okt 2010 - 15:49

Oare wike begjint Rykswettersteat mei it opspuitsjen fan sân op it smelste stik fan it Noarderstrân op It Amelân. Dan moat it foarearst net mear mooglik wêze dat hege golven stikken út de dunen happe.

Ofrûne wykein wie it wer safier dat de dunen ûnder it seewetter te lijen hiene troch de hurde wyn. Net dat se op it eilân benaud binne foar wiete fuotten, it is foaral gefaarlik foar de badgasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)