Achtkarspelen knapt diken op
Achtkarspelen wol yn 10 jier de diken yn de gemeente opknapt ha. Troch efterstallich ûnderhald binne in soad diken der min oan ta. De gemeente wol dêrom ien kear 6,5 miljoen euro ynvestearje en dêrneist elk jier 2 miljoen euro útlûke foar ûnderhâld.
Mooglik wurdt by de wurksumheden gebrûk makke fan jongeren dy't oplaat wurde ta strjitmakker.