Namme Prima Reclame misbrûkt

Tsientallen Fryske bedriuwen hawwe de ôfrûne dagen falske rekkens krigen. It giet om bedraggen fan hûnderten euro's. Op de spoeknota stiet it Keamer fan Keaphannel- en BTW-nûmer fan Prima Reclame, mar dit bedriuw hat de rekkens hielendal net ferstjoerd.
It is it as malafide bekende steande bedriuw AD-media dat achter de nota's sit. It giet om herinnerings-faktueren foar in advertinsje dêr't de bedriuwen neat fan witte.