Tsjûgen socht oanriding St Nyk

De plysje siket minsken dy't sjoen ha dat in auto yn de Kerkstrjitte yn Sint Nyk sneontenacht in lantearnepeal út de grûn riden hat. De oanriding hat nachts tusken twa en fiif oere west. De auto is dêrnei nei alle gedachten rjochting Skarsterbrêge fuortriden.
Op it plak fan it ûngelok waard in blauwe bumper en stikken glês fan it merk Nissan fûn. Minsken dy't mear witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.