Koffer mei ketamine fûn

In ynwenner fan Fryslân hat moandei by in tankstasjon flak foar de Ofslútdyk oan de Noard-Hollânske kant in koffer mei ketamine fûn. Ketamine is in narkoazemiddel foar bisten, mar it wurdt ek as feestdrug brûkt troch minsken.
De man dy't de koffer fûn hat, seach net ien en hat him doe sels mar iepenmakke, op syk nei adresgegevens. Doe't er dy net fine koe, hat er de de koffer nei de plysje brocht. Der siet trije kilo ketamine yn.