Us hitfabryk siket muzikanten

(Foto Piet Kloosterman, hy is drummer en hat him oanmeld!)
Neidat moandei al in tekst makke is foar de nije Fryske tophit dy't ferslachjouwer Roelof Lousma makket yn de rubryk De Hitfabryk, wurde der tiisdei al muzikanten socht dy't woansdei audysje dwaan wolle.
Wilens is skriuwer en sjonger Sipke de Boer noch dwaande mei de meldij. Wa't meidwaan wol om fan it nije lietsje in súkses te meitsjen, kin him of har oanmelde op hitfabryk@omropfryslan.nl De audysjes binne woansdei tusken trijen en en fiven.