Monumint foar Sil op Skylge

Lobke en Sil yn de film 'Sil de strandjutter'
Op Skylge wurdt 6 novimber it monumint fan Sil de Strandjutter ûntbleate. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Ode aan Sil. It grutte stiennen keunstwurk is makke troch Skylger keunstners en krijt in plakje oan de Badwei fan Easterein.
It monumint is bedoeld ta neitins fan de Skylger boeren, seelju en jutters fan foar 1930. Sil de Strandjutter stiet dêr symboal foar. Sil de Strandjutter waard bekend troch it boek mei dy namme fan Cor Bruijn.