Kramer tefreden oer nij pak

25 okt 2010 - 21:26

Mei de presintaasje fan in nij reedriderspak hat de KNSB it seizoen 2010-2011 moandeitemiddei yn Thialf offisjeel iepene. It nije reedriderspak is ta stân kaam yn gearwurking mei guon riders en coaches.

Ien fan de riders dy't der yntinsyf by belutsen wie, is Sven Kramer. It nije pak falt fral op troch alle felle kleuren dy't it hat: grien, oranje, blau en wyt. Kramer: "It is even wenne, mar ik fyn it in moai pak."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)