Turksk turnbûn wol Speerstra

Gerard Speerstra (foto: Martin de Jong)
Turncoach Gerard Speerstra is benadere troch it Turkske bûn. Speerstra is op dit stuit trainer by it Iraanske bûn, mar dêr is syn kontrakt no nei it wrâldkampioenskip yn Rotterdam ôfrûn.
Speerstra sil earst prate mei Iran, foardat er mei oare partijen yn petear giet. Speerstra seit iepen te stean foar watfoar wurkjouwer ek. Earder wie de turncoach trainer fan ûnder oare Epke Zonderland.