Hieltyd minder dowehâlders

It tal Fryske dowehâlders rint hurd efterút. Op 't heden binne der noch sa'n 1800 dowehâlders, wylst der yn 1996 noch 2300 leden wiene. Der is in soad fergrizing yn de dowesport.
Elts jier hâlde in soad Friezen op mei de sport en der komme gjin nije leden by. Der moatte dêrom nedich nije leden komme, fynt Dirk Buwalda. Hy is foarsitter fan Friesland '96, de oerkoepeljende organisaasje fan dowehâlders. De organisaasje wol dêrom besykje om jeugdleden te werven.