Dizze winter gjin sintrumcross

De start fan de sintrumcross fan ôfrûne winter (foto: Martin de Jong)
De jierlikse sintrumcross yn Surhústerfean op 21 desimber giet net troch. De wedstriid wurdt ferskood nei takom jier. De Profronde fan Surhústerfean bestiet dan 30 jier en dêrom wol de organisaasje dat alle hurdfytswedstriden yn it doarp takom jier binne.
It giet dan om de Pieter Weening Classic, de Profronde en de sintrumcross. De earstfolgjende sintrumcross sil no op 20 desimber 2011 ferriden wurde.