Nije sponsor foar Epke

25 okt 2010 - 12:09
  • Epke Zonderland op it WK yn Rotterdam (foto: Martin de Jong)

Randstad wurdt de nije sponsor fan turner Epke Zonderland. Dat hat it útstjoerburo moandei bekend makke. De sponsordeal rint oant en mei de Olympyske Spelen fan 2012.

De turner, dy't snein in sulveren medaille wûn op it WK turnjen yn Rotterdam, is yn dizze perioade ek ambassadeur fan Randstad. Hy promoatet dan de kombinaasje fan sport mei wurk. Zonderland studearret sels genêskunde yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)