Frysk basisûnderwiis krimpt

It tal learlingen yn it basisûnderwiis yn Fryslân nimt de kommende fiif jier yn trochsneed mei hast 12 persint ôf. Dat blykt út ûndersyk fan it SBO, it Sectorbestuur Onderwijsarbeidsmarkt.
Neffens it buro komt dat fral trochdat in soad jonge gesinnen nei de Ranestêd geane. It fuortset ûnderwiis sil fan 2015 ôf folle minder learlingen telle. As skoallen minder learlingen hawwe krije se ek minder jild fan it ryk. Neffens it SBO giet dat ten koste fan de kwaliteit fan it ûnderwiis.