De hitfabryk freget om teksten

25 okt 2010 - 10:38

Je kinne Omrop Fryslân dizze wike helpe by it meitsjen fan in nij Frysk popnûmer. Ferslachjouwer Roelof Lousma freget dizze wike om suggestjes foar de tekst, de meldij, de bandleden, de opname en de promoasje. Alle dagen is hy op de radio mei oproppen. Reagearje kin op hitfabryk@omropfryslan.nl.

De tekst giet oer de leafde yn de breedste sin fan it wurd; leafde foar de bern, de frou, de freondinne of miskien wol hiel wat oars. Stjoer suggestjes nei hitfabryk@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)