Tsjinbegrutting OpsterLanders

25 okt 2010 - 09:54

De politike partij OpsterLanders komt mei in tsjinbegrutting foar de kommende twa jier. De partij is it net iens mei de begrutting dy't it kolleezje fan b. en w. koartlyn presintearre. Yn dy begrutting wol it kolleezje takom jier 1,3 miljoen euro besunigje en yn 2012 2,4 miljoen.

OpsterLanders is it der net mei iens dat de kosten benammen ferhelle wurde op de ynwenners fan de gemeente. Ek besuniget it kolleezje neffens de partij tefolle op kultuer en wolwêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)